Diseldieven oppakt
Twa manlju út Droegeham en Koatstertille binne moandeitenacht oer it mad kaam by it stellen fan disel. Plysjes seagen de twa yn Bûtenpost by in frachtauto stean en fertrouden it net. Doe't se op ûndersyk útgiene, die bliken dat de manlju mei in slang disel út de frachtauto oertanke woene yn 'e eigen auto.
De manlju binne meinaam nei it buro en dêr binne se fêstset.