Beloften Hearrenfean winne
De beloften fan SC Hearrenfean/ Emmen ha moandeitejûn in dikke oerwinning behelle op Jong Feyenoord/Excelsior. Yn it Abe Lenstra stadion wûn it kombinaasjeteam mei 4-1.
Grutte man wie Tarek Elyounoussi mei twa goals. Troch in doelpunt fan de jonge Noar en ien fan Papadopulos waard it 2-0. De Rotterdamske ploech skoarde noch 2-1, mar opnij Elyounoussi en ynfaller Seymonson makken der 4-1 fan. Hearrenfean is no fyfde mei 11 punten út 7 wedstriden.
Trefwurden:
argyf