Bargboer fuort as listlûker

12 okt 2010 - 09:00

Listlûker Jan Bargboer fan it CDA yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân hat him weromlutsen. Bargboer hat in burnout en hat er foar keazen om de rêst en romte te nimmen foar herstel.

It bestjoer fan it CDA Súdwest-Fryslân fynt it spitich dat Bargboer him werom lutsen hat. It bestjoer hat respekt foar syn beslút en fynt it dapper en earlik dat er sels dit beslút naam hat. Bargboer waard earder unanym keazen as listlûker. Tiisdei makket it bestjoer bekend wa't him opfolget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)