Sulveren roskaam net ferkocht

In antike sulveren hynstekaam út 1790 is moandei net ferkocht by feilinghûs Ald Fryslân. De roskaam wie tegearre mei sulveren eachkleppen de meast nijsgjirrige stikken by de feiling. Dy lêsten waarden wol ferkocht.
By it feilinghûs yn Drylts kamen moandei fiifhûndert antike sulveren foarwerpen ûnder de hammer. It grutste part komt út de kolleksje fan ien samler út Fryslân dy't ek klant wie by it feilinghûs. Nei syn dea hat de famylje it goed fan 'e hân te dwaan.