Boeren opnij nei Straatsburg

11 okt 2010 - 20:17

Mear as tûzen melkfeehâlders sille nije wike tongersdei opnij protestearje foar in better Europeesk lânboubelied. Se sille dat dwaan by it gebou fan it Europeeske Parlemint yn Straatsburg.

Se wolle de Europeeske bestjoerders nochris oproppe om de boeren te stypjen mei in goede regeling foar de suvelmerk. De boeren wolle dat de Europeeske lânboupolityk liedt ta in earlike konkurrinsjeposysje foar alle boeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)