NE-Fryslân moat grut tinke

Deputearre Piet Adema
Deputearre Adema ropt riedsleden yn Noardeast-Fryslân op om oer de gemeentegrinzen hinne te sjen as it giet om mear gearwurking yn de regio. Der wurdt troch bestjoerders út fiif gemeenten en de provinsje wurke oan plannen foar mear gearwurking. Dat soe dan ûnder oare wêze moatte op it mêd fan de oanpak fan befolkingskrimp, wurkgelegenheid en de leefberens op it plattelân.
De kommende tiid moatte oer konkrete plannen besluten nommen wurde.