File op Wâldwei nei botsings

11 okt 2010 - 17:13

De Wâldwei tusken Werpsterhoeke en Himriksein hat moandeitemiddei hast in oere ôfsletten west. Troch noch ûnbekende oarsaak wiene twa auto's op inoar botst. Twa ambulânses binne kommen om de ynsittenden earste help te ferlienen.

It ferkear moast om beurten by it plak fan it ûngelok delride en dit soarge foar in flinke file.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)