Lichtpunt wol ferbouwe

11 okt 2010 - 16:31

Opfangstichting Het Lichtpunt yn Kollumersweach moat ferbouwe omdat alles bot ferâldere is. Het Lichtpunt fangt minsken op mei psychyske problemen. Der is in tekoart foar de ferbouwing fan 3,5 ton.

Lichtpunt hat plak foar tsien minsken, dy't der maksimaal in jier wenje kinne. Alles wurdt dien mei frijwilligers en donaasjes út in kristlike grûnslach wei. Mei brieven oan de gemeente en fûnsen hopet Het Lichtpunt op bydragen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)