Bysûndere skoalle Warten ticht

Skoalle It Lichtbeaken yn Warten giet nei 115 jier ticht. De kristlike basisskoalle hat noch mar 22 learlingen en it minimum tal learlingen is 23. It sjocht der net nei út dat der kommend jier bern bykomme, dêrom giet de skoalle nei dit skoaljier ticht.
Takom jier kinne de learlingen kieze tusken kristlike basisskoalle de Wrâldpoarte yn Garyp of iepenbiere basisskoalle de Finne yn Warten sels.