Foppe yn trek by froulju

Foppe de Haan 'hat der noch net oer neitocht'...
De froulju fan it Nederlânsk alvetal wolle Foppe de Haan graach as nije bûnscoach. De Haan stiet noch oant juny 2011 ûnder kontrakt by Ajax Cape Town yn Súd-Afrika. 'Ik ha der noch net oer neitocht en dat bin ik ek net fan doel', wie de reaksje fan de fuotbaltrainer út Nes.
De Fryske internasjonal Sherida Spitse fan SC Hearrenfean seit fan neat te witten. 'Maar het zou wel top zijn', seit Spitse. De Haan is noch net troch fuotbalbûn KNVB benadere.