Speedboatsaak foar it hôf

11 okt 2010 - 10:43

De twa manlju dy't feroardiele binne foar it slimme speedboatûngelok yn 2008 by Grou steane moandei foar it gerjochtshôf. De twa Ljouwerters fan 40 en 46 jier sieten op de speedboat dy't yn de simmer fan 2008 mei hege snelheid tsjin in binnenfeartskip knalde. In oare man dy't oan board siet kaam dêrby om it libben.

Yn de rjochtsaak waarden de fertochten feroardiele ta 24 moannen sel, wêrfan 8 ûnder betingst en in selstraf fan 15 moannen wêrfan 5 ûnder betingst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)