OpsterLanders lulk op b. en w.

11 okt 2010 - 10:27

De partij OpsterLanders is teloarsteld yn it gemeentebestjoer fan Opsterlân. Neffens OpsterLanders is de ynformaasjefoarsjenning oer it Polderhoofdkanaal net op oarder. It kolleezje soe te iensidich en net folslein wêze yn it beantwurdzjen fan fragen fan de gemeenteried.

OpsterLanders set fraachtekens by de helberens fan it miljoeneprojekt. Yn ekstra skriftlike fragen oan it kolleezje freegje se dan ek om alternative plannen te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)