Provinsje: besunigje op diken

11 okt 2010 - 10:03

De kommende jierren wurdt sa'n 10 miljoen euro besunige op de oanlis fan diken yn Fryslân. Der komt gjin fytstunnel yn de dyk by Holwert. Der komt gjin paralleldyk neist de dyk fan Koatstertille nei Drachten en it lânbouferkear tusken Stiens en Sint Jabik krijt ek gjin eigen dyk. Dat stiet yn it nije útfieringsprogramma ferkear en ferfier fan de provinsje.

Wol wurdt jild stutsen yn de feiligens yn de beboude kom. Op ferskate plakken soe de snelheid wol omleech kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)