Follybalfroulju Snits ferlieze
De follybalfroulju fan Snits spilen snein harren earste wedstriid yn de Dela league. Yn it Limburchske Meijel waard yn in fiifsetter mei 3-2 ferlern fan Peelpush.
It wie in net al te bêste wedstriid. Beide ploegen makken in protte flaters. De earste set gie nei Snits mei 25-19. De twadde en tredde set wiene foar Peelpush mei 25-21 en 25-19. De fjirde wie wer foar Snits mei 25-18. Yn in tige spannende fiifde set gie Snits ûnderút mei 17-15.
Trefwurden:
argyf