Damshûs: 10.000 besikers

10 okt 2010 - 17:09

Iepenloftmuseum It Damshûs en it Sudergemaal yn Nij Beets hawwe foar it earst yn har bestean mear as 10.000 besikers lutsen. It museum hat der ek nei stribbe om safolle folk te lûken en dat is dus slagge. It bart yn it jier dat it museum har 50-jierrich jubileum fiert, al kamen de measte minsken net foar de jubileumfeesten, mar op de normale museumaktiviteiten.

Mei dit besikertal heart It Damshûs by de middelgrutte musea yn Fryslân en dat fine se sels best wol bysûnder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)