LDODK-Mid Fryslân: 15-16
Yn de haadklasse fan it kuorbaljen stie snein de Fryske twastriid LDODK-Mid-Fryslân op it programma. Mid-Fryslân wûn de derby mei 16-15.
Yn de earste helte wie LDODK de bettere ploech. Mei it skoft stie de ploech mei 8-6 foar. Healwei de twadde helte kaam LODK op in 12-8 foarsprong en like de wedstriid beslikke. Mid-Fryslân kaam werom yn de wedstriid nei in foarspong fan 14-12. Yn in spannende einfaze waard it lang om let 16-15 foar de ploech fan Grou/Reduzum.
Trefwurden:
argyf