Slagge premjêre brulboeioargel

It brulboeioargel yn aksje (foto: Jaap Spieker)
Sneontejûn wie by Starum foar in publyk fan 200 útnoege minsken de wrâldpremjêre fan Hoite Pruiksma syn brulboeioargel. De premjêre hie op woansdei wêze sillen, mar gie doe oer omdat der te min wyn stie.
Sneon wie der ek te min wyn om it oargel brulle te litten. Dûnsers boppe op de boeien soargen foar foldwaande beweging om it oargel dochs klinke te litten. Oargelist Hoite Pruiksma fûn it in bysûndere ûnderfining om it oargel folslein te bespyljen en hearren.