Man rydt fan A7 de sleat yn

10 okt 2010 - 15:21

By in ûngelok op de A7 by Snits is sneintemiddei in man (20) ferwûne rekke. Troch ûnbekende oarsaak rekke in Mercedes mei ien iensittende fan 'e dyk en op de kop yn de sleat.

Omstanners binne yn de sleat sprongen om de sjauffeur út de auto te heljen. De passazjier (20) koe sels út de auto komme. Meiwurkers fan 'e ambulânse reanimearren de sjauffeur op it plak fan it ûngelok. Oanslutend is de man nei it sikehûs brocht. De man sil ek in bloedproef ûndergean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)