Soad folk by Taptoe Ljouwert

De Taptoe Ljouwert hat mear besikers lutsen as ferline jier. De hal yn it WTC-Expo siet sa goed as fol, sa meldt de organisaasje. Wat nei alle gedachten holpen hat, is dat njonken Pasveer út Ljouwert ek twa oare korpsen út Fryslân mei diene. It gie om korpsen út Menaam en Minnertsgea.
Ek de Streetparade luts sneon in soad folk; der wurdt rûsd dat tusken de 10.000 en 15.000 minsken nêst de rûte stiene.