Plysje hâldt autodieven oan

10 okt 2010 - 14:01

De plysje hat sneontenacht op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert twa manlju oanhâlden dy't yn in stellen auto rieden. It giet om in man út Almelo (19) en in Ljouwerter (24). Sy rieden yn in auto dy't earder op de dei stellen waard út de Reitsmastrjitte op De Harkema. De auto stie dêr ûnbeheard, omdat de bewenners oan it ferhúzjen wiene.

De twa manlju binne oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)