ONS wint fan Staphorst

Sneonshaadklasser ONS Snits wûn op it eigen fjild mei 3-1 fan Staphorst. De Snitsers kamen yn de sechde minút op in 1-0 efterstân. Martijn Roosenburg soarge yn de twadde helte foar de lykmakker. Troch in bysûndere penalty makke deselde Martijn Roosenburg de 2-1. De keeper stie noch by de peal, dat sadwaande koe Roosenburg hiel maklik de strafskop benutte.
Ynfaller Rudy Mann soarge foar de 3-1 einstân. Drachtster Boys ferlear yn en fan Nunspeet mei 3-0.