Fryske grinsbuorden rôversguod

09 okt 2010 - 15:16

De nije wolkomstbuorden by de grinzen fan Fryslân wurde in soad 'meinommen' troch leafhawwers. De provinsje Fryslân is dizze simmer úteinset mei it pleatsen fan nije buorden yn de foarm fan in pompeblêd mei dêrop de tekst 'Wolkom yn Fryslân'. Op 't heden binne al fiif fan dy buorden ferdwûn.

De provinsje giet der fanút dat se stellen binne. Rykswettersteat hat de ôfrûne wike ek lâns de A6 en A7 nije pompeblêdbuorden by de Fryske grins pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)