88 boetes by Stiens en Marsum

De plysje hat freed by snelheidskontrôles yn Stiens en Marsum 88 boetes útdield. Op de Wythústerwei yn Stiens rieden 19 fan de hast 600 kontrolearre autobestjoerders te hurd, yn Marsum krigen 69 minsken in boete omdat se te hurd rieden.
De grutste oertreder kaam yn Marsum de kontrôle foarby. In automobilist gie dêr 129 kilometer de oere, wylst 80 kilometer de maksimumsnelheid is.