'Farwol freon Wûnseradiel'

09 okt 2010 - 12:04

Yn Wûnseradiel is sneon in muzikale tocht by alle doarpen del om stil te stean by it opgean fan Wûnseradiel yn de nije Súdwesthoekegemeente. It is in inisjatyf fan de stifting Artum.

Yn elts doarp fiere de ynwenners in eigen liet út dat ek op in cd stiet. By de cd heart in boek dat elkenien krijt. Mei-inoar wurkje sa'n sânhûndert minsken mei oan dit projekt mei de namme Farwol Freon Wûnseradiel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)