Out of Space langer te sjen

Ien fan de 'lânskips-keunstwurken' yn de Rottige Meenthe
Sa'n 20.000 minsken hawwe oant no ta de eksposysje Out of Space yn natuergebiet De Rottige Meente yn Weststellingwerf sjoen. Dat is folle mear as dêr't de organisaasje op hope hie. Reden ek om de útstalling mei in moanne te ferlingen. Net oant ein oktober, mar oant ein novimber binne de keunstwurken noch te sjen.
Out of Space ferwiist nei it gebrûk fan de romte en de natuer yn de Rottige Meente