Jonge (17) oanriden troch auto
In 17-jierrige jonge út Nijbrêge is freed ferwûne rekke neidat er mei syn bromfyts tsjin in auto klapte. It ûngelok barde op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean.
In 55-jierrige automobilist fan Blesdike seach de jonge oer de holle doe't er rjochtsôf slaan woe. De jonge is mei ferwûnings oan syn knibbel nei it sikehûs brocht.
Trefwurden:
argyf