Famke (9) oanriden yn Drachten
Yn Drachten is freed in famke (9) oanriden. It famke, ek út Drachten, kaam út in steechje wei en draafde it Leger op.
In 33-jierrige automobiliste út Drachten kaam krekt oanriden en koe net mear op tiid remje. It famke is mei ferwûnings oan har foet oerbrocht nei it sikehûs.