Nije plysjesjef freed begûn

08 okt 2010 - 15:11

Mei yngong fan freed hat de Fryske plysje offisjeel in nije sjef: Nathalie Kramers. Se is no goed trije dagen oan it wurk en nei eigen sizzen is dat noch te koart om al mei spearpunten foar de takomst te kommen. Mar dat se fol oan de bak moat yn in organisaasje dy't in protte wurk hat en mar in bytsje jild, dat is har wol dúdlik.

Freed is Kramers offisjeel ynstallearre op it provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)