Noch gjin boargemaster It Bilt

It gemeentehûs yn Sint Anne
It finen fan in nije boargemaster foar It Bilt duorret langer as ferwachte. Doel wie yn jannewaris in opfolger foar Aucke van der Werff begjinne te litten, mar om't der gjin goeie kandidaten binne slagget dat net.
Op de fakatuere kamen earder trettjin reaksjes binnen, mar neffens Kommissaris Jorritsma sitte dêr gjin geskikte kandidaten by. De fertrouwenskommisje fan de gemeente is dat mei him iens. Mooglik komt der in nije fakatuere yn de krante.