Gearwurking soarch hyt Alliade

Zorggroep Alliade. Dat is de namme fan fiif soarchorganisaasjes yn it Noarden dy't meielkoar gearwurkje. It giet om Talant, Meriant, Driever's Dale, BaanPlus en Zorgkompas. De fiif wurkje al langer gear mar se hawwe dat no konkreet makke yn de foarm fan in soarchkonsern mei in eigen namme.
Alliade is in kombinaasje fan alliantie en allidade. In 'alliantie' is in ferbining tusken minsken of organisaasjes. Allidade komt út de skipfeart en jout in rjochting oan.