FrieslandCampina yn Wageningen

08 okt 2010 - 11:31

FrieslandCampina sil in nij ûndersyks- en ûntwikkelingssintrum iepenje op it terrein fan de universiteit fan Wageningen. Yn de twadde helte fan 2012 moatte de doarren iepen wêze. De komst fan it nije sintrum hat gjin gefolgen foar it lab yn Ljouwert.

Neffens in wurdfierder fan FrieslandCampina wurde yn Ljouwert produkten test op kwaliteit. Dat is net it doel fan it nije sintrum. Wol sil yn de takomst mooglik in inkeling út Ljouwert oerstappe nei Wageningen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)