Ankers dogge Belgyske saak

08 okt 2010 - 10:32

It advokatekantoar Anker & Anker út Ljouwert nimt de ferdigening op him fan in Belgyske trekkersjauffeur dy't ferantwurdlik is foar de dea fan fjouwer fytsers. De man ried yn maart yn it Belgyske Bocholt op in groep fytsers yn. Fjouwer minsken kamen om.

De trekker ferfierde pakken hea. De fertochte seit dat er de fytsers dêrtroch net goed sjoen hat. Hy hat de advokaten Jan Boksum en Wim Anker frege him te ferdigenjen. Se dogge dat tegearre mei in Belgyske strafpleiter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)