Skoalle Ljouwert net mear swak

De lokaasje Kingma fan iepenbiere basisskoalle De Wielen yn Ljouwert stiet net langer op de list fan slim swakke skoallen fan de ûnderwiisynspeksje. De ôfrûne twa jier is neffens de direkteur hurd wurke om it nivo op skoalle nei in heger peil te tillen.
De lokaasje Kingma is de lêste skoalle fan de oerkoepeljende organisaasje Proloog dy't fan de list fan swakke skoallen ôfhelle is.