Huzen ûntromme fanwege brân

Oan de Frittemaleane yn Snits binne tongersdeitenacht fyftjin minsken tydlik út har hûs helle fanwege brân yn ien fan de huzen. De plysje krige in melding fan in útslaande brân yn in ûnderwenning. It hûs sels en dat fan ferskate buorlju waard ûntromme. Net ien rekke ferwûne by de brân. Wol binne in hûn en in jong hûntsje troch de brân om it libben kaam.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De skea bleau beheind ta dat hûs en it balkon fan it hûs dernêst.