Fiif famkes stelle klean
Yn Ljouwert binne tongersdei fiif famkes fan tusken de 13 en 16 jier oanhâlden fanwege stellerij. Se hienen út in tal winkels oan de Nijstêd en it Ruterskertier klean meinaam sûnder te beteljen.
Winkelpersoniel krige de froulju yn it fizier en trappearre harren. Alle famkes, út Ljouwert en Snits, binne meinaam nei it plysjeburo. De klean binne yn beslach naam.
Trefwurden:
argyf