Himpkwekerij Drachten oprôle

08 okt 2010 - 09:49

De plysje hat tongersdei yn Drachten in himpkwekerij oprôle. Se kamen de kwekerij op it spoar omdat de doar fan it hûs oan de Westerwird iepenstie.

Buertbewenners fertrouden dat net en hiene de plysje belle. Dy fûn gjin minsken yn it hûs, mar op souder wol in himpkwekerij mei 228 plantsjes. Alles is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)