Frysk HBO helpt ûndernimmers

07 okt 2010 - 20:08

Fjouwer HBO skoallen yn it Noarden lûke 20 miljoen euro út om yn de takomst mear ûndersyk te dwaan foar bedriuwen. Studinten fan de NHL, Stenden, Van Hall Larenstein en de Hanzehogeschool moatte folle faker ynsetten wurde om ûndernimmers te helpen mei bygelyks ûndersyk of staazjes.

Studinten krije hjirtroch in soad praktykûnderfining en bedriuwen krije foar in bytsje jild help by it oplossen fan harren problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)