Leansferheging yn feehâlderij

Wurknimmers yn de feehâlderij krije der mei yngong fan 1 jannewaris twa prosint lean by. Dat binne de fakbûnen en wurkjouwersorganisaasje LTO oerien kaam. Op 1 july takom jier en 1 jannewaris 2012 giet it salaris noch wat fierder omheech.
De leansferheging stiet yn in nije CAO foar de kommende tritich moannen. Dy jildt foar sa'n 5000 minsken yn de feehâlderij. De leden fan de fakbûnen moatte har noch wol oer de nije CAO útsprekke.