ClubQ-saak yn desimber foar

07 okt 2010 - 12:09

De fjouwer jonges dy't fertocht wurde fan belutsenheid by de dea fan Redmar Smedema yn ClubQ, moatte op 16 desimber foarkomme. Foar de rjochtsaak wurdt de hele dei útlutsen. De fertochten binne tusken de 17 en 19 jier âld en komme út Damwâld, Feanwâlden en Broeksterwâld.

De 16-jierrige Smedema fan Burgum kaam yn april om nei in fjochterij yn de diskoteek by Noardburgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)