Frou op scooter oanriden

07 okt 2010 - 12:05

In frou fan 41 jier fan De Westereen is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn Wâlterswâld. It slachtoffer ried op har scooter oer de Broekloane rjochting De Westereen. Op it krúspunt mei de Zandhorst kaam in autobestjoerder fan links dy't de frou fan har scooter ried. Se rekke ferwûne en de scooter wie bot skansearre.

De autobestjoerder is trochriden nei de oanriding. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)