Ramkreak yn Snits
Ramkreakers binne woansdeitenacht in assurânsjekantoar op it Martiniplein yn Snits binnenriden. Mei in auto is de pui stikken riden. De plysje hat noch nei de dieders socht, mar koe se net mear fine.
Yn it kantoar is in tal laden iepenlutsen. It is noch net dúdlik wat der krekt meinaam is troch de ynbrekkers. De plysje is op syk nei tsjûgen.