Ferwûne by botsing It Fean
Op de A32 by It Hearrenfean hat earder tongersdeitemoarn in ûngelok west. By de ôfrit nei it sintrum binne twa auto's opelkoar botst. Ien persoan is dêrby ferwûne rekke en foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs.
Op it momint fan it ûngelok wie it flink mistich by It Hearrenfean. Oft it ûngelok dêrtroch ek bard is, is noch net dúdlik.