Hege wurkdruk by resjerzje

De resjerzje yn Fryslân hat it drok. Troch dy wurkdruk moatte se dieders dy't se op it each ha, rinne litte. Dat seit Wessel Veenstra, teamsjef fan de resjerzje yn it Noarden.
Troch de ferskate grutte saken dit jier, lykas de moard op 4 poppen yn Nij Beets, de geweldiedige dea fan Redmar Smedema yn Club Q en de moard op Pytsje Bouma yn Frjentsjer kinne de 50 resersjeurs it hast net mear oan. By de plysje sil troch besunigings hast 150 banen skrast wurde moatte.