Philips: ynfloed op ûnderwiis

Philips Drachten wol mear ynfloed krije op it technysk ûnderwiis yn Fryslân. It bedriuw wol útwreidzje en miljoenen ekstra ynvestearje yn masines en personiel.
De hjoeddeiske technyske opliedings slute te min oan by it bedriuwslibben. Wylst oare grutte bedriuwen har produksje hieltyd mear yn it bûtenlân útbesteegje, hellet Philips in part werom nei Drachten. It fabryk wol in bettere ynfrastruktuer yn it Noarden, lykas in spoarferbining nei Grins.