Kontrakt foar Jonsson

SC Hearrenfean hat de middenfjilder Bjorn Jonsson foar de rest fan it seizoen in kontrakt oanbean. De 20-jierrige Yslanner stiet al sûnt 2006 ûnder kontrakt, mar kaam it foarige seizoen fanwege blessueres net oan spyljen ta.
It kontrakt mei Jonsson rûn dizze simmer ôf, mar hy krige fan de klup noch in lêste kâns om him te bewizen. Dat hat Jonsson no sa goed dien dat him in nij kontrakt oanbean is mei in opsje foar noch in seizoen.