Afvaloven Nee wer nei rjochter

06 okt 2010 - 12:19

De stichting Afvaloven Nee sil wer nei de Raad van State. Se wolle de miljeufergunning foar de ôffaloven yn Harns oanfjochtsje. Neffens wurdfierder Gillissen kin Omrin it needsaaklik belang fan de oven ek mei de nije fergunning net oantoane.

Omrin fertrout derop dat de fergunning fan de provinsje it hellet. De earste fergunning waard ferneatige troch de Raad van State. Neffens de provinsje hat de útstjit fan de sintrale gjin skealike gefolgen foar de Waadsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)