Mooglik stappen tsjin CZ

De Sionsberg yn Dokkum oerwaget stappen te ûndernimmen tsjin soarchfersekerder CZ. It sikehûs stiet op de list fan sikehuzen dêr't CZ gjin behannelings foar boarstkanker mear fan fergoedzje wol. Neffens CZ kin de kwaliteit net goed wêze om't yn it sikehûs minder as 60 behannelings yn it jier dien wurde.
Ek fiif oare sikehuzen steane op dizze list. It sikehûs yn Hoogeveen hat al witte litten in rjochtsaak oan te spannen tsjin CZ.