Burgernetaksje nei brân Lemmer

06 okt 2010 - 10:48

Op De Lemmer wie tiisdeitenacht brân yn in ôffalkontainer by in tsjerke. De plysje hat mei in Burgernetaksje socht nei de dieders.

De reden om middernacht dochs de help fan boargers yn te roppen, hat te krijen mei it grutte tal brannen op De Lemmer yn de ôfrûne tiid. De brânstichters binne net fûn. De plysje giet fierder mei ûndersyk nei de kontainerbrân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)