Koper fan dak stellen
Yn Wolvegea is fan it dak fan in bedriuwsgebou oan de Schipsloot koper stellen. It giet om 75 meter oan koperen tongerlieder. Nei alle gedachten is by it fuortheljen gebrûk makke fan in betonskjirre.
De eigner (61) fan it bedriuw hat by de plysje oanjefte dien fan de stellerij. De stellerij wie yn de nacht fan moandei op tiisdei.