Beswier 'afvaloven nee' wegere

05 okt 2010 - 21:13

It kolleezje fan b. en w. fan Harns hat tiisdei it beswierskrift fan de Stichting Afvaloven Nee oer de oanlis fan in liedingbrêge by de ôffaloven fan Omrin ôfwiisd. De stichting woe dat de gemeente de fergunning foar de oanlis fan dy brêge wegerje soe. De gemeente fynt lykwols dat der te min wetlike redenen binne om de fergunning foar de oanlis net ôf te jaan.

Dêrneist fynt de gemeente dat de omwenners te fier fan de lieding ôfwenje om der lêst fan te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)